Drugsbinde oppakt

25 des 2004 - 14:55

Yn Noardeast-Fryslân binne dizze moanne trettjin minsken oanhâlden fanwege it hanneljen yn harddrugs. It giet om de hannel yn ûnder mear kokaïne, speed en XTC. Der is foar tsientûzenen euro ferhannele.

Ien fan de fertochten, in man út Tytsjerksteradiel, sit noch altiten fêst. De oaren binne wer frijlitten. De plysje slút net út dat der de kommende tiid noch mear minsken oanhâlden wurde. Sân resjersjeurs wurkje oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)