Drugsbesitter oanholden

23 mrt 2010 - 09:46

In 30-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht yn syn wenplak oanhâlden, omdat er drugs by him hie. De man siet op de Twabaksmerk yn syn auto te sliepen mei de motor en de ljochten oan. De man reagearre nochal wyld doe't de plysje him wekker makke.

By kontrôle die bliken dat de man in fleske GHB en in pûdsje hasj by him hie. De Ljouwerter is oanhâlden en foar ûndersyk nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)