Drugsaksje op de Weaze

02 okt 2010 - 10:19

De plysje hat freedtemoarn betiid in drugsaksje hâlden op de Weaze yn Ljouwert. Dêrby binne in tal drugsbrûkers oanhâlden. By trije fertochten waarden ek boltsjes kokaïne fûn. In 36-jierrige ynwenster fan Noardwâlde waard ek noch oanhâlden foar in eardere strjitrôf dêr't se fan fertocht waard.

De fertochten moasten mei nei it buro. Neidat de drugs yn beslach nommen wiene en der proses-ferbaal opmakke wie, mochten de fertochten wer nei hús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)