Drugs yn skuondoaze

29 apr 2008 - 10:56

In 33-jierrige man is moandei op It Hearrenfean trapearre mei in grutte partij softdrugs yn in skuondoaze. In motorplysje seach de man rinnen, hâlde him oan en frege him wat yn 'e doaze siet. De man sei dat er in pear skuon ruilje woe om't se net pasten.

De man koe lykwols gjin oankeapbon sjen litte en moatst de doaze iependwaan. Doe kaam de drugs foar it ljocht. De man is foar ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)