Drugs fûn, tongerlieders fuort

07 nov 2008 - 19:20

In foarbygonger hat freed lâns de sneldyk by Goutum in tas mei drugs fûn. Neffens de plysje giet it mooglik om kokaïne of amfetamine. Mei-elkoar siet der rom sân kilo oan drugs yn de tas. Der wurdt noch ûndersocht wêr't de drugs weikomme.

Fan in gebou oan de Waddenpromenade yn Harns binne alle koperen tongerlieders stellen. Se waarden meinaam yn de nacht fan tongersdei op freed. De plysje is noch op syk nei de dieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)