Drugs en stellen guod yn sjalet op camping Noardburgum

04 mrt 2016 - 10:12

Op in camping oan de Ryksstrjitwei yn Noardburgum hat de plysje tongersdei in 22-jierrige ynwenner fan Koatstertille oanholden foar heling en drugsbesit. Yn de sjalet fan de man fûnen plysjes ferskate artikelen dy't nei alle gedachten stellen binne. Ek trof de plysje meardere soarten drugs oan.

De plysje hie earder in melding krigen dat fanút in sjalet op de camping in bankstel en in seachtafel stellen wiene. De eigener ûntdekte dat de seachtafel yn in oar sjalet stie.

Doe't bliken die dat de 22-jierrige man de eigener is fan dat húske, waard er oppakt. Dêrnei fûn de plysje oar stellen guod yn syn sjalet, wêrûnder in bûtenboardmotor en elektroanika. De man sit fêst op it buro, De plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)