Drugs en drank oan hûs besoarge

30 jan 2004 - 00:00

Yn Ljouwert binne twa besoarchtsjinsten dy't yllegaal drugs en drank oan hûs ôfleverje. Eigners fan kofjesjops en kafees warskôgje foar de gefaren fan 'e suteltsjinsten. Om't der gjin tafersjoch is, kinne minderjierrigen sa maklik oan drugs komme.

Yngripen fan plysje en justysje is needsaaklik, sa fynt it Platfoarm Kannabisûndernimmings. Boargemaster De Boer fan Ljouwert sil takom moandei mei de plysje prate oer de suteltsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)