Drost tydlik nei De Graafschap

24 des 2008 - 15:59

Hearrenfean-ferdigener Henrico Drost sil de twadde helte fan it seizoen foar De Graafschap fuotbalje. De klub út Doetinchem hiert de ferdigener fan SC Hearrenfean. De lieding fan de superboeren wie al langer op syk nei fersterking fan 'e definsje.

De needsaak om in ekstra ferdigener oan te lûken waard noch grutter troch de skorsing fan Joost Volmer. Dy is foar seis wedstriden skorst, omdat hy Ajaxspiler Cvitanich in stomp joech mei syn earmtakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)