'Droomopdracht' foar werf

10 maaie 2007 - 12:14
  • Ien fan 'e twa jachten dy't ôfboud wurde yn Makkum

Skipswerf De Vries yn Makkum siket nije wurknimmers. It eardere Amels hat in kontrakt sletten foar de bou fan in superjacht fan 88 meter oer trije jier. It kasko wurdt boud yn Sliedrecht. De Makkumer werf hat no trije oarders yn portefeulje. Fierders moatte twa oare skippen noch ôfboud wurde.

By De Vries wurkje no 140 minsken. Der binne plannen foar útwreiding fan it tal wurkplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)