Dronrypster oanhâlden nei botsing mei strjitlampe

13 sep 2015 - 10:38
  • (foto-ympresje)

Yn Dronryp is sneontenacht in man út dat doarp oanhâlden, omdat er ûnder ynfloed achter it stjoer siet. De man wie mei de auto tsjin in strjitlampe oan it Skilpaed riden en wie doe rinnende fuortgien. Oan de Hearewei waard er oanhâlden.

De plysje hat de man meinaam nei it buro. Dêr is in bloedproef dien, omdat de man nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drank of drugs wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)