Dronrypster mishannele

11 okt 2014 - 11:59
  • Dubelestreek yn Dronryp

In 27-jierrige man út Menaam is freedtenacht oppakt fanwege mishanneling fan in man út Dronryp. It 24-jierrige slachtoffer rûn oer de Dubelestreek yn syn doarp doe't de fertochte samar ynienen op him ôfrûn en him fol yn it gesicht sloech. De Dronrypster foel fuortendaliks op 'e grûn. In dokter hat him ûndersocht. De plysje hat de man út Menaam ynsletten. Hy ferklearre dat it slachtoffer him útdage hat en sels earst in klap jûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)