Dronryp wint yn Tsjummearum

26 maaie 2006 - 11:47

Dronryp hat de ôfdielingswedstriid yn Tsjummearum wûn. Mei de keatsers Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Pieter Scharringa waard yn de finale mei gemak wûn fan Berltsum. It waard 5-1 en 6-4. Berltsum keatste mei Marten Feenstra, Bauke en Auke van der Graaf.

Yn de fjirde ronde kaam Dronryp noch mei 5-1 achter tsjin Minnertsgea. Dronryp pakte de winst op 5-5 en 6-6. Tredde prizen wiene der foar Sint Jabik en Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)