Dronryp wint Freule 2006

10 aug 2006 - 14:50

Dronryp is winner wurden fan de Freule 2006 woansdei yn Wommels. Yn de finale wûnen se mei 5-2 en 6-4 fan Goaiïngea. De Rypsters Sjoerd van der Meer, Rutger Diertens en Johan Diertens wiene de baas oer Thomas Sybesma, Sietse Kuipers en Sibe Wijbrandi fan Goaiïngea.

It wie 23 jier lyn, yn 1983, dat Dronryp de Freule foar't lêst wûn. Tredde prizen wiene der foar Grou en Hijum-Feinsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)