Dronryp net mear by de tiid

30 nov 2011 - 11:24

Yn Dronryp binne woansdei mei in grutte kraan de wizerplaten fan de tsjerketoer helle. De platen binne ta oan in opknapbeurt. Yn it foar wie de buert warskôge, omdat de grutte kraan mar krekt troch de Tsjerkebuorren by de toer komme kin.

De wizerplaten waarden by de lêste restauraasje fan de toer, in pear jier lyn alhiel fernijd en foarsjoen fan romeinske sifers fan blêdgoud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)