Dronryp: âlde wetterputten fûn

27 des 2007 - 15:04

Op it plak fan it eardere kurkfabryk yn Dronryp binne by argeologysk ûndersyk twa wetterputten út de 9de en 10de ieu fûn. It ûndersyk waard dien omdat der plannen binne om op dat plak in winkelsintrum mei apparteminten te bouwen.

De gemeente hie wol rekken hâlden mei argeologyske fynsten. It gebiet leit op de râne fan in âlde terp. De resultaten fan it ûndersyk binne trochstjoerd nei de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)