Dronken yn ûnfersekere auto

30 jan 2007 - 11:03

In 40-jierrige Snitser ried tiisdeitemoarn betiid ûnder ynfloed, sûnder jildich rydbewys yn in ûnfersekere auto op de Heliconwei yn Ljouwert. Doe't de plysjes him riden seagen, hawwe se syn kenteken neilutsen. De auto wie net fersekere.

De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo foar in blaasproef. Dat smiet in rydferbod fan trije oeren op. De auto is by it plysjeburo yn Snits delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)