Dronken yn sliep fallen op A32

27 aug 2012 - 11:05

In 47-jierrige ynwenner fan Grou hat sneintejûn op de A32 by Akkrum mei tefolle drank op in ûngelok feroarsake. De man foel troch de drank yn sliep en trape dêrby op 'e rem. Dêrtroch knalde de auto dy't achter him ried, by him op.

De Grouster rekke sels ferwûne oan 'e nekke by de botsing. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is ek in bloedproef by him ôfnaam. De plysje hat it rydbewiis fan de man ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)