Dronken yn 'e sleat yn Driezum

03 nov 2007 - 13:00

In 19-jierige autobestjoerder út Driezum is oanhâlden om't er mei drank op achter it stjoer siet. Hy rekke yn Westergeast fan 'e dyk ôf yn it wetter. De jonge is dêrnei út de auto krûpt en fuortgien.

In tsjûge hie de klap heard en de plysje warskôge. Dy pakte de bestjoerder in eintsje fierderop op. Op it plysjeburo die bliken dat de jongeman te folle alkohol op hie en dat er gjin rydbewiis hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)