Dronken tsjin ferkearsboerd

27 des 2007 - 10:47

De plysje hat woansdeitenacht in ynwenner fan De Rottefalle oanhâlden, omdat er mei syn auto tsjin in ferkearsboerd riden wie. De man wie op de Houtigehaachsterwei de macht oer it stjoer kwytrekke en dêrnei op in ferkearsheuvel tsjin in boerd riden.

De man ried dêrnei troch, mar koe achterhelle wurde omdat it nûmerboerd fan syn auto achterbleaun wie op de ferkearsheuvel. Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)