Dronken Surhústerfeanster botst mei auto op lampepeal

30 aug 2015 - 11:00
  • Autoride ûnder ynfloed

De plysje hat sneontejûn in 23-jierrige man út Surhústerfean oanhâlden. Hy wie mei syn auto op de Alde Dyk yn Koatstertille tsjin in lampepeal oan riden en dêrnei trochriden.

Nei ûndersyk trof de plysje de auto en de bestjoerder oan, doe't er by syn hûs oanriden kaam. De man waard oanhâlden en hy moast blaze. Bliken die dat er fierste folle dronken. Syn rydbewiis is ynnaam en de man hat proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)