Dronken spookrider op de A7

20 des 2005 - 11:04

In dronken spookrydster hat snein foar in soad oerlêst soarge op de A7 by Drachten. De plysje kaam har moarns om healwei seizen temjitte en sette de achterfolging yn mei it swaailjocht oan.

De 31-jierrige bestjoerster fan It Hearrenfean reagearre der lykwols net op. De plysje moast de auto fan de dyk ôfdrukke om de frou tsjin te hâlden. De dronken frou is oerbrocht nei it buro. Har rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)