Dronken snorre mei nepwapen

24 aug 2012 - 11:10
  • Drank

In man fan 32 jier út Ljouwert is tongersdei oanhâlden omdat er mei drank op op 'e snorfyts ried. Hy hie ek noch in neimakwapen by him.

Plysjes seagen dat de man op it Cambuurplein yn Ljouwert sûnder helm op ried en besleaten him te kontrolearjen. Se ûntdutsen dat er tefolle alkohol op hie. De man liet de plysjes doe syn nepwapen sjen, dat er oan 'e broek fêstmakke hie. De man is meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)