Dronken Snitser út trein helle

28 sep 2014 - 10:53

In 47-jierrige Snitser is sneontejûn op it stasjon yn wyn wenplak oanhâlden, omdat hy sûnder kaartsje yn de trein siet. Boppedat wie de man dronken en ferfelend. De kondukteur woe de man oerdrage oan de plysje, mar doe skold de man him út.

Ut ynformaasje by de plysje waard dúdlik dat de man ek noch iepensteande boetes hie en in straf hie dy't ynhâldt dat hy gjin alkohol en drugs brûke mei. De plysje hat de man meinommen nei it buro foar in bloedproef en neier ferhoar. De kondukteur hat oanjefte dien fan belediging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)