Dronken Snitser fytser oppakt

31 jul 2011 - 14:39

De plysje hat sneon in 21-jierrige dronken Snitser oanholden yn syn wenplak. Plysjes seagen de man troch in fuotgongersgebiet fytsen en bier drinken. Dêr krige er twa boetes foar. Omdat de Snitser de plysjes begûn te misledigjen, waard er oppakt.

De plysje moast pepperspray brûke om de man ûnder kontrôle te krijen. By de wrakseling knypte er de kiel fan ien fan de plysjes ticht. Uteinlik koe er oerbrocht wurde nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)