Dronken sliepkop jout him del

30 aug 2011 - 10:30

In 24-jierrige Ljouwerter is tiisdei yn in hûs oan de Singel yn Snits oanholden. De man wie yn 'e hûs kaam troch in iepensteande doar en lei op de twadde ferdjipping op in matras te sliepen. De bewenner fûn him dêr moandeitemoarn nei't er in sterke dranklucht yn syn hûs rûkte. Hy krige de man net wekker.

De plysjes hiene ek grutte muoite om de man wekker te krijen. Hy is nei it buro brocht, dêr't er daliks wer yn sliep foel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)