Dronken slieper hast oerriden

15 maaie 2005 - 13:16

In dronken jongeman út Burgum is hast oerriden by de Grinzer Pein. Hy wie yn 'e sliep fallen op in ûnferljochte dyk. Twa automobilisten koene de jonge noch mar krekt op de tiid ûntwike.

Ien fan harren sette de auto oan de kant en lei de man achteryn. Dêrnei kamen krekt de maten fan de jongeman deroan riden. Dy seine dat de Burgumer útstappe woe, omdat er beroerd wie en der net mear yn woe. De Burgumer jongeman (20) hat in boete krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)