Dronken skipper yn Harns

05 jul 2014 - 11:26

De plysje hat by Harns in dronken skipper betrape. It giet om in 54-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. Omdat it ôfnimmen fan in blaasproef net slagge, is in arts ynskeakele foar in bloedproef. Mocht dêrút blike dat er mear dronken hat as de noarm, dan wurdt der proses-ferbaal tsjin de skipper opmakke.

Neffens de plysje wie dúdlik oan de man te fernimmen dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)