Dronken skipper oppakt

22 jul 2011 - 11:37

De plysje hat tongersdeitenacht op de Dokkumer Ie it farbewiis yn beslach naam fan in 24-jierrige skipper. Offisjeel kin dat net, mar de plysje die it fanwege it gefaar. De offisier fan justysje bûcht him der noch oer.

De skipper út Driebergen-Rijsenburg wie mei in oare man op de Weaze yn Ljouwert. De man foel en stapte dêrnei mei de skipper yn in boatsje. Tsjûgen melden dat by de plysje. Dy koe it boatsje achterhelje. De skipper waard oanholden en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)