Dronken skipper op Wide Ie

30 jul 2013 - 12:26

De wetterplysje hat moandei op de Wide Ie by De Feanhoop in 22-jierrige skipper út Utrecht fan it wetter helle. De man waard oanhâlden, omdat er mei syn motorboat hurd fear. By syn oanhâlding rûkte de plysje in sterke alkohollucht by de man. De skipper moast blaze en dat makke dúdlik dat er yndied tefolle dronken hie. Hy krige in farferbod en in proses-ferbaal. Syn farbewiis is yn beslach naam.

Twa oare skippers krigen ek in bekeuring foar te hurd farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)