Dronken skipper op 'e bon

19 aug 2012 - 14:50
  • Hoareka

Tsjin in 46-jierrige skipper út Snits is sneon proses-ferbaal opmakke omdat er ûnder ynfloed fan alkohol op syn kajútboat yn de Koopmansgrêft fear. Tsjûgen hiene sjoen dat er wierskynlik mei te folle drank op fear en dat er by it oanlizzen in oare boat rekke. Dy boat rekke dêrby skansearre.

De skipper waard troch de warskôge plysje meinommen nei it buro foar in blaastest mei as gefolch in bekeuring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)