Dronken skipper botst op fiskkotter yn Harnzer haven

02 des 2015 - 19:50

Yn de haven fan Harns is woansdei in skipper út Raamsdonk oanhâlden. Dat wie nei in oanfarring, wêrby't it binnenfeartskip fan de 43-jierrige skipper in fiskkotter rekke. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de man út Raamsdonk tefolle dronken hie, hy hie twa promille alkohol yn syn bloed. Hy krige dêrom ek in farferbod fan alve oeren oplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)