Dronken sjauffeur oanholden

04 des 2000 - 16:57

De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert in 28-jierrige Marrumer oanholden, dy't slingerjend oer it Ruterskertier ried. Hy hie drank op en reagearre net op in stopteken fan de plysje. Hy rekke in flechtheuvel en krige dêrtroch twa lekke bannen.

Op de Harnzersingel waard de man klemriden. Hy krige in rydferbod foar 15 oeren en syn rydbewiis waard ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)