Dronken rider wer yn de fout

02 jun 2014 - 10:53
  • Hoareka

In 46-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei oanhâlden om't er dronken en sûnder rydbewiis op in bromfyts ried. In motorplysje seach de man op it Kealledykje en sette him oan de kant foar in kontrôle. It die bliken dat de man dronken hie.

De dei dêrfoar wie de Ljouwerter ek al pakt foar riden ûnder ynfloed. Doe wie syn rydbewiis yn beslach naam. De man krige snein op 'e nij in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)