Dronken ride sûnder alkohol

06 sep 2010 - 19:52
  • Jeugd op It Bildt kin freed fiele hoe't it is om dronken efter it stjoer te sitten

In spesjale drankauto moat jongeren op It Bilt wize op de gefaren fan it drinken fan te folle alkohol. It giet om in kart. Dy stiet freedtejûn yn Minnertsgea. Jeugd kin yn de kart stappe en ûnderfine hoe't it is om mei drank op efter it stjoer te sitten.

De jongeren bestjoere de kart sels, mar de auto slingert hinne en wer. Sa fiele se hoe't se ride soene as se alkohol hân hiene sûnder dat se gefaar rinne. De kart is in inisjatyf fan de Young Responsible Drivers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)