Dronken op fangrail klapt

09 jun 2013 - 14:07
  • Autoride ûnder ynfloed

Twa dronken bestjoerder koene sneontejûn harren auto's net goed ûnder kontrôle hâlde. In frou (24) út Wytmarsum klapte op de N31 by Harns op de fangrail. Se wie dronken en hie ek gjin rydbewiis by har.

Op de Westereen waard in 63-jierrige bestjoerder oanhâlden. Ien hie sjoen dat er op Salomon Levystrjitte op in parkearde auto botste en dêrnei trochried. Mei help fan it kenteken en in sinjalemint koe de plysje de man oanhâlde. De man hie tefolle alkohol dronken. Beide bestjoerders krigen in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)