Dronken op de trekker

23 jun 2007 - 11:54

In dronken trekkerrider (20) hat freed in rydferbod krigen yn Mitselwier. Achter syn trekker hong in feestwein mei dielnimmers oan de optocht fan Easternijtsjerk. Doe't de trekker linksôf sloech, rekke er in brommer dy't him ynhelje soe.

De brommerrider rekke ferwûne en is nei it sikehûs fan Dokkum brocht. It die bliken dat de bestjoerder fan de trekker tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)