Dronken oerstekke: oanriding

12 des 2011 - 10:16

In autobestjoerder nei drank op hat sneintemiddei in oanriding feroarsake op de Westergoawei by Bitgum. De 54-jierrige man út Ljouwert stuts mei de auto de dyk oer en klapte op in oare wein. Hy en de bestjoerder fan de oare auto binne nei it sikehûs brocht, mar de ferwûnings foelen úteinlik ta.

De Ljouwerter is oanhâlden troch de plysje. Syn rydbewiis is boppedat ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)