Dronken mem rydt wetter yn

01 jan 2012 - 15:07

In 42-jierrige frou út Bakkefean is âldjiersjûn mei har auto mei dêryn har trije bern yn it wetter rekke. Dat barde op de Foarwurkerwei. De frou ried rjochting Sigerswâld en kaam yn de feart.

De bestjoerster en de bern koene sels út de auto komme. Se binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Bliken die dat de frou te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)