Dronken mem rydt mei dochter

20 nov 2012 - 10:14
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

Yn Drachten is in frou oanhâlden dy't dronken op in snorfyts ried mei har famke fan 2 jier achterop. De 34-jierrige frou ried op De Hemmen. By kontrôle die bliken dat se gjin rydbewiis hie. De plysjes rûkten boppedat in sterke dranklucht by har. Se moast blaze en dêr die út bliken dat se te folle drank op hie.

Nei it ôflizzen fan in ferklearring op it plysjeburo mocht se wer nei hûs ta. Se krige ek noch in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)