Dronken mei de auto oer de kop

06 nov 2012 - 10:31

In 19-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei op de Reeweg yn Nes op It Amelân mei syn auto oer de kop slein. De jonge ried nei alle gedachten te hurd, kaam mei syn auto yn de berm en ferlear de macht oer it stjoer. De auto kaam oan de linkerkant fan de dyk telâne en sloech oer de kop. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. It die bliken dat er te folle dronken hie. Hy hat prosesferbaal krigen. De auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)