Dronken mei auto fan de dyk

01 des 2013 - 12:41

Op de Litswei by De Rottefalle is sneontenacht in man fan 25 jier mei de auto fan de dyk rekke. In foarbygonger warskôge de plysje. Op dat stuit siet der gjinien mear yn de auto. De plysje seach letter wol twa manlju rinnen. Sy ferklearren dat se yn de auto sitten hiene.

Earst woene de manlju net sizze wa't riden hie. Dêrom waarden se beiden oanhâlden. Op 't lêst joech de 25-jierrige man út Wynjewâld ta dat hy riden hie. By in blaasproef die bliken dat hy sân kear safolle dronken hie as maksimaal tastien is. Syn rydbewiis is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)