Dronken mei auto de bocht út

21 nov 2011 - 11:24

    De plysje hat snein it rydbewiis ynnaam fan in 71-jierrige automobilist út Snits. De man hie yn syn wenplak in bocht te gau naam en wie dêrtroch mei syn auto boppe in sleat bedarre. Omdat er sels net út syn auto doarde te kommen, moast er der troch in foarbygonger úthelle wurde.
    Omdat de plysje it fermoeden hie dat de man tefolle dronken hie, waard in blaastest ôfnaam. Dêrút die bliken dat er yndie ûnder ynfloed fan alkohol wie. Dêrom is syn rydbewiis ynnaam en hat er ek in proses-ferbaal krigen.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)