Dronken mei 100 troch Burgum

07 okt 2007 - 17:31

Nei in achterfolging hat de Plysje Burgum sneon in Noardburgumer (31) oanhâlden. De man lei yn in sleat. Bliken die dat er dronken wie.

De man foel op omdat er slingerjend mei syn auto oer de Hornstrasingel ried. Mei de plysje achter him oan ried er mei 100 km yn 'e oere troch Burgum. Op in stuit liet er de auto stean. In plysjehûn fûn de man yn in sleat. Hy krige in rydferbod fan fiif oeren en in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)