Ferset tsjin oanhâlding

30 jul 2013 - 10:09
  • Plysje-embleem

In 35-jierrige man út Surhuzum hat him moandeitejûn op De Skoalikkers yn Stynsgea bot ferset tsjin syn oanhâlding. De plysje woe net dat de man achter it stjoer stapte, omdat er dúdlik tefolle alkohol dronken hie. De man waard beetpakt en der ûntstie in wrakseling.

Uteinlik koe de man oanhâlden wurde en is er nei it plysjeburo oerbrocht. Dêr is er ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)