Dronken man twa kear bekeurd

24 apr 2006 - 13:57

In 42-jierrige bromfytser út Drachten is yn de nacht fan snein op moandei twa kear oanholden troch de plysje. De earste kear waard de man kontrolearre op de Raai. Hy hie tefolle dronken en krige in rydferbod fan 3 oeren.

Trije kertier letter trof de plysje de man op 'e nij op de bromfyts oan. De Drachtster moast wer blaze en krige in proses-ferbaal foar it riden op in brommer wylst er in rydferbod hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)