Dronken man strúnt troch tunen

04 feb 2011 - 11:02

Yn in tún achter in wenning oan de Smaragd yn Drachten hat de plysje tongersdeitejûn in 29-jierrige man oanhâlden. Ferskate buertbewenners hiene it alarmnûmer 112 belle omdat de man troch de tunen fan de huzen oan it stunen wie.

Doe't plysje him dêrop oanspruts, die bliken dat er smoardronken wie. Dêrtroch koe er syn eigen hûs net mear fine. Hy waard oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr krige de man in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)