Dronken man smyt ruten yn

20 maaie 2010 - 09:56

In dronken Ljouwerter fan 31 is troch de plysje oanhâlden neidat er de ruten fan in flat ynsmiten hie. De man hie de hiele middei yn de flat oan de Oldegalileën sitten te drinken mei in oare man. Oan de ein fan 'e middei krigen de twa rûzje. De 31-jierrige Ljouwerter goade dêrop de ruten fan de wenning yn.

Doe't de plysje de man meinimme woe nei ûnderen ta, die de man ek ferfelend. Hy raasde en wie dwers. De plysje hat him meinaam nei it buro,

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)