Dronken man rydt stek stikken

18 jun 2011 - 15:34

In man út Aldegea (Sm.) hat mei drank op yn it eigen doarp in stek stikken riden. Bewenners hearden in klap en seagen dat 20 meter stek kapot riden wie. It nûmerboerd lei derby. Wylst de plysje de saak ûndersocht, kaam de bestjoerder werom. Hy draaide in hiem op doe't er de plysje seach.

De plysje gie achter him oan en de man gie gau yn in hokje sitten. Mar hy waard wol fûn. De 22-jierrige man hie sân kear mear dronken as tastien is foar in begjinnend bestjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)