Dronken man rydt auto rampoai

01 sep 2012 - 16:57
  • Drank

In ynwenner fan Drachten is freedtenacht mei tefolle drank op tsjin de pylder fan in tankstasjon oan de A7 yn it Grinslanner Nuis riden. Syn auto rekke dêrby swier skansearre en moast troch in bergingsbedriuw fuortsleept wurde. Ek de pylder en in tal ferkearsbuorden rekken skansearre.

De 38-jierrige man waard meinaam nei it plysjeburo foar it ôfjaan fan in ferklearring, ek krige er dêr in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)