Dronken man rydbewiis kwyt

09 des 2009 - 10:14

In 51-jierrige drankrider út Burgum is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen de man al slingerjend oer de Gariperhoeke riden. De man reagearre net op in stopteken. Doe't de plysjes him ynhelle hiene en op 'e nij in stopteken joegen, reagearre de man wer net.

Pas doe't de plysjes de sirene oan setten, sette de man syn auto oan de kant. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod fan 14 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)